Drama foar reedrydster Marja Vis

26 nov 2000 - 14:22

Foar de 23-jierrige Marja Vis einige de wei nei roem sneon op Thialf yn in drama. De Ljouwerter reedrydster like op wei nei in startplak foar de WK ôfstannen op 'e fiif kilometer.

Trije ronden foar de einstreek kaam Vis sels tichtby it nasjonale rekord fan Tonny de Jong (7.05,16). Oant har rjochterskonk fuortglide en se foel. Alhiel ferslein joech Vis it oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)