Ynfal yn xtc-laboratoarium

25 nov 2000 - 18:05
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei yn Ljouwerteradiel yn in lege pleats in xtc-laboratoarium oprôle. De strjitwearde fan gemikaliën en pillen wie 3,5 miljoen.

Der binne trije manlju oanhalden, fan 56, 42 en 27 jier. De âldste wie eigner fan it pân, de twa oaren wurken as laborant. De plysje ûndersiket noch oft de manlju ek ferantwurdlik binne foar de dumping fan fetten de lêste tiid.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)