Gjin referindum azc Sint Anne

© Omrop Fryslân
De rie fan It Bilt hat tongersdei op 'e nij in referindum oer it azc yn Sint Anne ôfwiisd. Fan de bestjoersjochter moast de gemeente it beslút wer nimme, mei bettere arguminten as earder.
Op de VVD nei sjogge de partijen it belang fan de enkête net en folgje dêrmei it stânpunt fan it kolleezje. It aksjekomitee '30 okee, 400 nee' wol it beslút wer by de rjochter oanfjochtsje.