Sigerswâld regelt sels lampepeal

© Omrop Fryslân
Sigerswâld hat sels foar in lampepeal soarge by it fytspaad yn it doarp. De gemeente Opsterlân wegeret al jierren mei te wurkjen oan strjitferljochting. De bewenners ha no sels in peal betelle.
De lampe wurket op in sinnekollektor en kostet 2.500 gûne. As de NUON in lampe pleatst kostet dat achttûzen gûne. Earder soarge it doarp sels ek al foar in eigen kabeltelevyzjebedriuw.