Komst pankoekskip Harns ûnwis

© Omrop Fryslân
De gemeente Harns jout de ûndernimmer dy't in pankoekskip yn de Suderhaven begjinne wol noch twa wiken de tiid om mei definitive plannen te kommen.
De ûndernimmer hat al in skoft neat mear fan him hearre litten. As er mei in konkrete ynfolling komt, is it noch ûnwis oft it pankoekskip der werklik komt. De kommisje is net al te entûsjast, die tongersdei by in gearkomste bliken.