Aksje foar behâld Frysk UvA

© Omrop Fryslân
De heechleararen Frysk Breuker en Gorter hawwe in protestaksje opset tsjin it opdoeken fan it fak Frysk yn Amsterdam. Se roppe tsjinstanners op in brief of mail te stjoeren nei de UvA yn Amsterdam.
It bestjoer dêr wol de stúdzje Frysk ruilje tsjin it fak Nijgryks yn Grins. Dan soe der noch mar ien haadfakstúdzje Frysk oerbliuwe. In minne saak, sizze de lilke professoaren.