Soarchbuorkerij yn Dongeradiel

24 nov 2000 - 11:02

Dongeradiel hat plannen foar in saneamde 'soarchbuorkerij'. Psychiatryske pasjinten en handikapten moatte dêr in sinfolle frijetiidsbesteging fine. It is ek ornearre foar minsken dy't lang wurkleas binne.

De aktiviteiten op 'e pleats moatte soargje foar in better kontakt mei de maatskippij. De gemeenteried sil noch te set mei de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)