Frysk Deiblêd ûnder de 20.000

© Omrop Fryslân
De oplage fan it Friesch Dagblad is it ôfrûne jier mei tûzen sakke. De krante komt dêrmei ûnder de grins fan 20.000, neffens saakkundigen de ûndergrins foar in ferantwurde ekonomyske eksploitaazje.
It deiblêd makke koartlyn bekend dat de krante oandielen útjaan sil om mear finansjele romte te krijen. Mei de oplage fan 'e Ljouwerter Krante giet it better; dy gie dit jier omheech oant 113.000