Trije boargemasters op portret

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol skilder Sjoerd de Vries opdracht jaan om skilderijen te meitsjen fan de trije lêste boargemasters. It giet om portretten fan John te Loo, Hayo Apotheker en Loeki van Maaren-van Balen.
De Vries hat al earder Ljouwerter boargemasters skildere. Dat joech reboelje om't er Van der Meulen syn earen te grut makke hawwe soe, neffens de famylje.