Oerienstimming oer Wâldwei

23 nov 2000 - 12:59

Provinsje en Ryk binne it iens wurden oer de definitive plannen foar de ferdûbeling fan de Wâldwei. It Ryk hie de plannen fersobere nei't dúdlik waard dat de ferdûbeling folle djoerder wurde soe as earder begrutte wie.

Dat hie ûnder oaren gefolgen foar de oanlis fan in fytspaad op de Fonejachtbrêge. De provinsje hat no tasein krige dat it fytspaad der yn elk gefal komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)