Nota: Frysk en iepenbiere romte

23 nov 2000 - 12:30

It Frysk is in spearpunt yn de nije kultuernota fan de gemeente Ljouwert. De Fryske taal en kultuer moat stimulearre wurde troch stipe oan Afûk en Fryske Akademy en it betinken fan Kneppelfreed.

De kwaliteit fan de iepenbiere romte is ek in spearpunt fan de gemeente. Parken, binnenstêd en wenwiken moatte keunstsinnich ynrjochte wurde. Jierliks is der 14,5 miljoen gûne foar it kultuerbelied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)