Wommels te folle fertutearze
Der moat gau wat barre oan de fertutearzing fan Wommels, dat fynt alteast de doarpsferiening fan it doarp. Dat lûd klonk dúdlik troch by de presintaasje fan de doarpsfizy foar de kommende 10 jier oan boargemaster Liemburg.
De gearstallers wolle mear omtinken foar de terp, de ferkearsfeiligens, huzebou en in rûnwei om it doarp. Mar earst moat de fertutearzing oanpakt.