Mooglik fergoeding handikapten

© Omrop Fryslân
Handikapte bewenners fan it tehûs Olmenes yn Appelskea krije mooglik de taksykosten fergoede. De bestjoersrjochter bepaalde dat de gemeente Eaststellingwerf de fergoeding wer besjen moat.
Alden fan in tal handikapten hienen in rjochtsaak oanspand om't de gemeente wegere de kosten te fergoedzjen. De bewenners ha dêr neffens de âlden rjocht op om't it iepenbier ferfier net foldocht.