Lêste jacht op Skiermûntseach

22 nov 2000 - 13:18

De jagers fan Skiermûntseach koenen tiisdei foar de lêste kear jeie op it eilân. De nije floara- en faunawet ferbiedt de jacht tenei yn nasjonale parken, lykas it Waadeilân.

Op Skiermûntseach komt mei it ferbod in ein oan in tradysje fan hûndert jier. Der bliuwe fiif jagers op it eilân oer dy't in tefolle oan bisten ôfsjitte meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)