Noch wurk genôch foar Ljouwert

© Omrop Fryslân
Wol Ljouwert de echte Fryske haadstêd wurde, dan moat der in soad boud, ferboud, oanpast en feroare wurde. Sa moat de binnenstêd in gruttere rol krije en moatte de nije wiken mear oansluting krije op 'e binnenstêd. Ek moat it ferkear makliker yn it sintrum komme kinne.
Dat is de konklúzje fan in advysburo dat ûndersocht hat oft Ljouwert op de goede wei is en wat feroare wurde moat.