Ankers beide fyfde yn top 10

20 nov 2000 - 18:01

De bruorren Wim en Hans Anker binne mei har beiden yn de top 10 fan advokaten op it fyfde plak einige. Misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries makke dat bekend yn syn televyzjeprogramma.

De ferkiezing stiet heech oanskreaun yn de juridyske wrâld om't de kollegaadvokaten sels de bêste strafpleiters fan it lân kieze. Master Gerard Spong stie foar de sechsde kear op nûmer ien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)