Wer ferlies foar Hearrenfean

20 nov 2000 - 14:52

SC Hearrenfean hat sneon foar eigen publyk mei 4-1 fan PSV ferlern. De Joegoslaaf Kezman makke alle doelpunten foar de Eindhovenaren. Foar de Friezen skoarde Nurmela yn de 85e minút.

De ploech fan Foppe de Haan waard foar de fjirde kear yn alve wedstriden ferslein. Op in tredde fan de kompetysje bongelet SC Hearrenfean ûnderoan de middenmoat fan de earedivyzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)