Buorden ferkearsslachtoffers

20 nov 2000 - 11:51

Yn Fryslân wurde op 35 plakken sinjaalbuorden pleatst as warskôging foar gefaren yn it ferkear. Se markearje de dea fan in jongere by in ferkearsûngemak. Op de buorden dy't de foarm fan in silhûet ha, stiet de leeftyd fan it slachtoffer en de datum fan it ûngelok.

De organisaasje Teamalert pleatst de buorden yn it hiele lân. Lanlik komme jierliks 250 jongeren yn it ferkear om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)