Gryt van Duinen krijt Parsepriis

© Omrop Fryslân
De Fryske Parsepriis 2000 is takend oan Gryt van Duinen. It bestjoer fan de Feriening fan Fryske Sjoernalisten hat dat besletten. De dokumintêremakster by Omrop Fryslân (50) krijt de priis foar it betinken fan Simmer 2000.
De parsepriis wurdt útrikt oan ien dy't dat jier yn it nijs wie sûnder sels de publisiteit te sykjen. Eardere winners wienen Foppe de Haan en Wim van Krimpen.