Iensidich ûngemak by Hurdegaryp

19 nov 2000 - 14:58

By in ûngemak is sneontemoarn in 29jierrige ynwenner fan Hurdegaryp ferwûne rekke. Op de Slachtedyk tusken Hurdegaryp en Ryptsjerk ried de automobilist troch noch ûnbekende oarsaak tsjin twa beammen.

De man rekke by de botsing yn 'e knipe. De brânwacht moast him út de wein helje. Mei swier letsel oan de holle is er nei it MCL-sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)