Trije punten foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sneon yn Ljouwert mei 3-1 fan Top Oss wûn. Mei de doelpunten fan Van Beelen, Gesthuizen en De Freitas helle Cambuur trije punten binnen.
De Ljouwerters komme mei de oerwinning wer by de wâl op. Foar rêst skoarde Van Beelen en joech de ferdigening gjin kânsen fuort. Top Oss krige de gelegenheid in tsjingoal te meitsjen nei't de achterhoede fan Cambuur ûnrêstich waard.