Weardefolle ikkers beskermje

© Omrop Fryslân
De ikkers by Westergeast moatte better beskerme wurde. Ut ûndersyk fan de Rykstsjinst foar Aldheidkundich Boaiemûndersyk is nei foaren kommen dat de 13 hektare lânbougrûn fan grutte kultuerhistoaryske en argeologyske wearde is.
De gemeente Kollumerlân wol it gebiet oan de súdwestkant fan Westergeast bewarje. De skiednis fan de ikkers giet werom oant de betide prehistoarje.