It Fean mooglik tsjin Feyenoord

17 nov 2000 - 17:44
Foto: Omrop Fryslân

As SC Hearrenfean de kwartfinales fan de Amstelcup hellet, kin Feyenoord de folgjende tsjinstanner wêze. Mar dan moat der yn de achtste finale earst by VVV wûn wurde.

De lotting foar de achtste en de kwartfinale wie tongersdei tagelyk. As Feyenoord yn de folgjende ronde yn Nijmegen wint fan NEC, treffe de Rotterdammers en de Friezen elkoar op 7 febrewaris.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)