Mear alkoholkontrôles nedich

17 nov 2000 - 15:33
Foto: Omrop Fryslân

Yn Noardeast-Fryslân komme mear alkoholkontrôles. Dat wurdt dien om't it oantal oanridings mei alkohol yn 't spul, flink omheech gien is.

Noardeast-Fryslân stiet provinsjaal op dit stuit boppe-oan wat it tal alkoholûngemakken oanbelanget. Benammen yn de gemeenten Achtkarspelen en Dongeradiel soargje de lêste tiid mear minsken mei te folle drank op foar oanridings.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)