Toer jout dochs belies
It is tongersdei lang om let slagge om de spits fan de grifformearde tsjerke fan Marrum fuort te heljen. De toer siet sa fêst as in muorre, dat de operaasje naam de hele dei yn beslach.
De toer, mei in replika fan de hoanne, moat úteinlik nei De Vertakking yn Ryptsjerk ta. De tsjerkerie woe de hoanne net kwyt, mar de sloper hat no oanbean in replika te meitsjen.