Hege ûnderskieding Drachtsters

© Omrop Fryslân
It echtpear Paulusma út Drachten krijt moandei in ûnderskieding fan it Yad Vashem-ynstitút yn Israel. It echtpear hat yn de oarloch trije jier in Joadsk echtpear as ûnderdûker hân.
De ûnderskieding fan Yad Vashem is de heechste yn Israel. De hear Paulusma krijt him postúm. De 86-jierrige frou Paulusma nimt de ûnderskieding moandei yn Amsterdam yn ûntfangst.