Hûn byt famke (3) yn gesicht

17 nov 2000 - 10:43

In famke út Warkum is woansdei troch in hûn yn it gesicht biten. Se wie op it bist tarûn om him te aaien en pakte him by de kop beet. De hûn klaude mei de poat en biet har yn it gesicht.

It famke is oerbrocht nei it sikehûs. Dêr moast se operearre wurde. De eigner fan 'e hûn is bot kjel wurden fan it gedrach en hat it bist ôfmeitsje litten. De hûn stie net as agressyf bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)