Don Pedro hâldt op fan bestean

16 nov 2000 - 18:14

Diskoteek Don Pedro yn Frjentsjer giet ticht. De saak is ferkocht oan 'e gemeente, sa waard woansdei bekendmakke. Nei alle gedachten komme der wenten yn 'e gebouwen.

Don Pedro wie lange tiid ien fan 'e grutste útgeansgelegenheden yn NWFryslân. Legendarysk wie útsmiter 'Oma'. Mei in soad respekt fierde hja har berop oan't yn hege âldens út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)