Bisten fersûpe yn PM-kanaal

© Omrop Fryslân
By de nije spoarbrêge fan Grou moatte saneamde wyld-útkrûp-plakken komme. Neffens de FNP is de spoarline dêr in wichtige trekrûte foar bisten. Reeën, hazzen, murden en oar lyts wyld stekke hjir it PM-kanaal oer.
Mei de nije spoarbrêge binne der glêde damwanden kommen. De bisten kinne no net mear út it wetter komme. Neffens de FNP fersûpe der no ûnnedich bisten.