Frysk Deiblêd jout oandielen út

© Omrop Fryslân
It Frysk Deiblêd wol sertifikaten fan oandielen útjaan om kapitaal oan te lûken. Doel is it bedriuw te fersterkjen en te ferbreedzjen. Moandei gie de ledegearkomste unanym akkoart mei de útstellen ditoangeande fan it bestjoer.
Bestjoer en direksje ferwachtsje dat yn brede rûnte, yn en bûten Fryslân, belangstelling is foar finansjele partisipaasje yn it Frysk Deiblêd.