'Frysk moat oan UvA bliuwe'
De Fryske Akademy hat by de Universiteit fan Amsterdam protestearre tsjin it foarnimmen om de stúdzje Frysk op te doeken. Op dit stuit binne der 25 studinten Frysk yn Amsterdam.
De UvA soe it Frysk graach mei de Grinzer universiteit ruilje wolle foar it Nijgryks. Neffens Akademy-direkteurJansma kin dat net omdat Akademy en provinsje de stúdzje yn Amsterdam betelje.