C-1000 slút distribúsjesintrum
De direksje fan Schuitema, bekend fan de C-1000 supermerken, slút it distribúsjesintrum op It Hearrenfean. By it sintrum wurkje sa'n 80 minsken.
It giet goed mei Schuitema en dêrom wol it konsern útwreidzje. Op It Hearrenfean kin dat net. It distribúsjesintrum sil no ferhúzje nei Gieten yn Drinte. De wurknimmers kinne dêr ek oan 'e slach.