Pleit foar nije gemalen

© Omrop Fryslân
Willem Beton, de noardlike oerlisgroep oer boaiemdelgong en -trillingen, wol twa nije gemalen yn it Noarden. Neffens de groep sille oerstreamingen yn de takomst oars net foar te kommen wêze.
Willem Beton wol dat der gau aksje ûndernommen wurdt. De stúdzjes dy't dien wurde nei de wetterhúshâlding soenen de oanpak fan de problemen fertraagje.