Deenske film wint festival

© Omrop Fryslân
De Deenske film 'Fruen På Hamre' fan regisseur Katrine Wiedemann wûn dit wykein de sjuerypriis op it 22e Noordelijk Filmfestival. Wiedemann wûn dêrmei de Mata D'or-filmpriis en fiiftûzen gûne.
'Himalaya' wie neffens de sjuery de op ien nei bêste film. Iepeningsfilm Billy Elliot fan 'e Ingelske regisseur Stephen Daldry wûn de publykspriis. It Filmfestival luts dit jier 11.000 minsken.