Minister iepenet spoarbrêge Grou

13 nov 2000 - 17:41

Minister Netelenbos fan Ferkear hat moandei de nije spoarbrêge yn Grou offisjeel yn gebrûk nommen. Twa jier is der boud oan 'e nije oergong dy't 50 miljoen koste hat.

De âlde brêge wie ûnder oare oan ferfanging ta om't de âlde te leech foar de beropsfeart wie. De ferfanging fan de brêge is ûnderdiel fan it ferbetterjen fan de farwei De Lemmer - Delfsyl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)