Meitsjen fan stroom útlein

13 nov 2000 - 09:31
Foto: Omrop Fryslân

In soad minsken hawwe sneon op besite west by de elektrisiteitssintrale yn Burgum. Op de iepen dei beseagen sa'n twatûzen minsken it hiele proses fan it produsearjen fan stroom, fan gas oant baarnend lampepitsje.

De eigner fan de sintrale, de EPON, wol takom jier de kapasiteit better benutte. Dan sil der noch mear stroom út Burgum wei komme.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)