Eask Peter R. de Vries ôfwiisd

11 nov 2000 - 16:49

Justysje sil gjin grutskalich DNAûndersyk útfiere yn 'e saak-Vaatstra. Dêrmei joech de rjochter misdieferslachjouwer Peter R. de Vries tongersdei yn Ljouwert ûngelyk.

De Vries hie de Steat oanklage út namme fan 'e famylje Vaatstra. Hy easke dat alle 20.000 manlju tusken de 18 en 45 jier yn in straal fan 15 km om it moardplak hinne de test ûndergean soene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)