Seefeartskoalle hat bouplannen

© Omrop Fryslân
De seefeartskoalle op Skylge stekt oardel miljoen gûne yn nij kongressintrum. Dat makke de direkteur freed bekend by it 125-jierrich jubileum. It ûntwerp fan 'e nijbou waard dêrby oan it publyk presintearre.
De skoalle sil boppedat mear dwaan oan promoasje. It tal nije studinten foel ferline jier bot ôf. Foarljochting oer it berop seeman moat dat ferbetterje.