Klachten ynfaliden oer Ljouwert

© Omrop Fryslân
De binnenstêd fan Ljouwert is foar ynfaliden net goed genôch te berikken, neffens it Frysk Antydiskriminaasjeburo. Sûnt de werynrjochting fan de binnenstêd kinne de ynfaliden op hast gjin inkeld plak yn it sintrum har auto noch kwyt.
Ynfaliden dy't net mear goed rinne kinne, kinne dêrtroch mar min te winkeljen en ha dêr klachten oer yntsjinne by it Antydiskriminaasjeburo.