Skilder bewustleas yn kelder

10 nov 2000 - 17:02

In hússkilder út Eanjum is tongersdei mei fergiftigingsferskynsels opnommen yn it sikehûs fan Dokkum. De man wie oan it wurk yn in kelder fan in wente oan 'e Kolfbaan yn Burgum.

Hy brûkte in gefaarlik middel en hie gjin foarsoarchmaatregels nommen. Dêrtroch krige er te min frisse lucht en rekke er út 'e tiid. De brânwacht hat de skilder út 'e kelder weihelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)