Sikehûsbaktearje yn MCL

© Omrop Fryslân
Op de intensive care-ôfdieling fan it MCL-sikehûs yn Ljouwert is de sikehûsbaktearje oantroffen. Twa pasjinten binne besmet. It MCL hat foar de rest fan de wike in opnamestop ôfkundige en guon operaasjes wurde útsteld.
It sikehûs ûndersiket wêr't de MRAB-baktearje weikomt en oft mear ôfdielingen besmet binne. It type is ek yn it AZG yn Grins fûn en is dreech te bestriden.