Harns freget om bredere N31
De gemeente Harns trunet ekstra oan by de provinsje en it ryk op ferbreding fan de N31. De gefaarlike dyk tusken Harns en Surch moat neffens it gemeentebestjoer opnommen wurde yn it nasjonaal ferkears- en ferfiersplan.
It is boargemaster Arlman net nei it sin dat ferkearsminister Netelenbos gjin prioriteit oan de N31 jout.