Stellerij mei geweld yn Ljouwert

09 nov 2000 - 17:04

In 45-jierrige frou út Ljouwert hat woansdei oanjefte dien fan stellerij mei geweld. In man mei in bivakmûtse op kaam sneintejûn har hûs oan de Oldegalileën binnen. Se kaam krekt werom fan it hûnútlitten en hie de foardoar noch iepen.

Yn 'e keamer krige se in fûstslach yn it gesicht. Se hâlde har bewusteleas wylst de dief de keamer trochsocht en meubels omsmiet. Hy hat jild meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)