Busûngelok by Boazum

09 nov 2000 - 15:48

Op de Slachtedyk by Boazum kantele woansdei in touringbus. De bus is nei alle gedachten slipt en yn 'e sleat te rjochte kaam. Der wiene fierder gjin passazjiers yn 'e bus en de sjauffeur rekke net ferwûne.

It ûngelok barde op in smelle dyk dêr't net eltse bus ride mei. It ferfiersbedriuw ITS hat fan de gemeente tastimming om op de B-wei te riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)