Provinsje net soarchfâldich

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân moat better neitinke foardat tastimming jûn wurdt foar it winnen fan sân. Dat fynt it miljeuplatfoarm op It Hearrenfean. Tongersdei tsjinnet by de Ried fan Steate in saak tsjin Ballast Nedam.
Dat bedriuw hat by Lúnbert sân wûn foar it oanlizzen fan de A32, mar wol noch mear ha. It miljeuplatfoarm fynt dat de provinsje dêr net soarchfâldich yn is.