Alle oergongen krije slachbomen
Oer tsien jier binne yn Fryslân gjin spoarwei-oergongen mear mei allinnich in kniperljochtynstallaasje, saneamde AKI's. Alle oergongen moatte dan minimaal heale slachbomen hawwe en dan hite se AHOB's.
Den Haach stelt de kommende jierren ekstra jild beskikber om dat yn hiel Nederlân te realisearjen. Takom jier wurde yn Fryslân 9 oergongen oanpakt.