Nije fytsestalling yn Ljouwert
Yn Ljouwert moat in nije bewekke fytsestalling komme. Dat docht bliken út it útfieringsprogramma 'Leefberens en feiligens yn de binnenstêd' fan de gemeente Ljouwert.
Op dit stuit binne der twa fytsestallings: by it stasjon en yn 'e binnenstêd. Neffens de gemeente moatte der mear bewekke stallings komme om it tal stellen fytsen werom te bringen.