Politike huodsjes yn Burgum
Op it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum wie it tiisdei even 'Prinsjesdag'. By de begruttingsbehanneling hiene de 5 froulike leden fan de ried in hoed opset. Se ferwiisden dêrmei nei harren froulike kollega's yn de Ridderzaal.
De froulike riedsleden wolle mei de aksje de oandacht festigje op de belangrike begruttingsbesprekking, om't de boarger dêr amper ynteresse yn hat.