Hearrenfean net live op tv

© Omrop Fryslân
Net Valencia-Hearrenfean mar Glasgow Rangers-Monaco waard tiisdei live troch de NOS op 'e telvyzje útstjoerd. Yn in kommentaar sei de NOS dat it beslút nommen is om't Hearrenfean gjin inkele kâns mear hie op Europeesk fuotbal, ek net yn de UEFA-cup.
Neffens de NOS is yn it ferline om deselde reden ek in wedstriid fan Feyenoord of PSV in kear net útstjoerd.