Spaansk proses tsjin Ljouwerter

07 nov 2000 - 17:10
Foto: Omrop Fryslân

Tsjin in 46-jierrige Ljouwerter is tiisdei yn Spanje in proses begûn. Hy wurdt fertocht fan drugssmokkel op grutte skaal. Twa jier lyn ferfierde er 1000 kilo kokaïne oer de Atlantyske Oseaan.

Neffens de fertochte syn heit barde de smokkel ûnder bedriging. Yn Spanje moat in fertochte syn ûnskuld bewize, krekt oarsom as it rjocht yn Nederlân. Hy sei dat justysje bewiis fuortmakke hat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)